Drachtster Boys pakt earste oerwinning fan it seizoen

12 mrt 2016 - 16:39

Drachtster Boys pakte sneon lang om let de earste oerwinning fan it seizoen. De ploech fan trainer Marius Hendriks wûn mei 3-2 fan DOS '37. Op eigen fjild sette Sicco Bouwer de Drachtsters nei 29 minuten op foarsprong. Op slach fan rêst kamen de gasten út Vriezenveen op 1-1.

Nei rêst brocht Kevin Bakels de Boys op 'e nij oan de lieding. Yn de 76e minút kaam DOS '37 mei in strafskop op 2-2. Bakels tekene sân minuten foar de ein foar de winnende treffer.

Troch de alderearste oerwinning komme de Drachtsters op 6 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)