Harkemase Boys giet hurd ûnderút by SVZW

12 mrt 2016 - 16:29

Harkemase Boys, koprinner yn de haadklasse C, gong sneon hurd mei 4-1 ûnderút by SVZW. Yn Wierden naam de thúsploech al nei njoggen minuten de lieding. SVZW hie it fizier op skerp want de ploech kaam yn de 17e minút op 2-0 en wreide de marzje binnen it healoere út nei 3-0. Nei rêst gong de Oeriselse doelpuntemasjine fierder: 4-0. Robert Stelpstra tekene foar de Harkemase earetreffer.

Troch it ferlies bliuwt de ploech fan trainer Jan Vlap stean op 45 punten út 19 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)