Goud foar Pieter-Jan Postma op EK yn Barcelona

12 mrt 2016 - 15:08
  • Pieter-Jan Postma (argyffoto)

Pieter-Jan Postma hat by it EK yn Barcelona goud helle yn de olympyske Finnklasse. De siler út Terkaple stie freed al earste yn it algemien klassemint, sneon kamen dêr noch in achtste en sechde plak by. Dat wie genôch om it goud binnen te heljen.

Postma begûn it toernoai min mei in 33e plak. Hy wie earder al wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Brazilië. Dêr hopet er better te prestearjen as syn fjirde plak by de lêste Spelen yn Londen.

"Ik heb een hele goede serie gevaren. Ik ben hier hartstikke blij mee. Het waren niet helemaal mijn omstandigheden maar ik was hier toch echt de beste, en dat met afstand. Dit geeft heel veel vertrouwen voor de toekomst'', sa seit Postma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)