Heather Richardson wint wrâldbekereinklassemint op 500 meter

12 mrt 2016 - 14:53

Heather Richardson-Bergsma, de frou fan reedrider Jorrit Bergsma, hat sneon it einklassemint wûn op de 500 meter by wrâldbekerwedstriden. By de wrâldbekerfinale yn Thialf waard de Amerikaanse twadde yn in tiid fan 37.88. De winst op de sprintôfstân gong nei har lângenoate Brittany Bowe, dy't in winnende tiid klokte fan 37.64. It wrâldbekerklassemint gong lykwols nei Richardson.

Bêste Nederlânse op de twadde 500 meter sneon wie Jorien ter Mors, dy't mei 38.10 fjirde waard. Margot Boer waard mei 38.63 tsiende.

Kjeld Nuis pakte de winst op de 1000 meter by de wrâldbekerfinale yn Thialf. Nuis klokte de rapste tiid fan 1.08.94. Dêrmei wûn er ek it einklassemint fan de wrâldbeker. It twadde plak sneon op It Hearrenfean gong nei Kai Verbij mei 1.09.08. Tredde waard Denis Yuskov mei 1.09.22.

De Rus Pavel Kulizhnikov kaam sneon net yn aksje, fanwege syn fertinking fan it brûken fan doping. Yn it einklassemint einiget Kulizhnikov wol as twadde, folge troch Gerben Jorritsma fan Diever.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)