Yntakeljen brêgedielen yn Burgum earder klear as tocht

12 mrt 2016 - 13:28

It yntakeljen fan twa brêgen by Burgum is klear. Dat meldt it projekt Centrale As op Twitter. Sneontemoarn waard it beweechbere diel fan de fytsbrêge mei grutte kranen te plak brocht, oan it begjin fan de middei waard dat dien mei it autodiel. It ferkear moast ûnder it wurk omride oer Koatstertille, foar fytsers wie der in fytspont. Sneontemiddei gie de brêge wer iepen foar it ferkear.

De brêgedielen wienen freed al nei Burgum brocht. It wurk is earder klear as tocht.

Trefwurden: 
brêge Burgum takelje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)