Studinten meitsje plannen foar yntegraasje asylsikers

12 mrt 2016 - 13:22

In groep studinten hat op fersyk fan de gemeente Ljouwert neitocht oer in goeie yntegraasje fan de asylsikers dy't meikoarten yn it eardere postsortearsintrum yn Ljouwert komme te wenjen. In dei en in nacht makken de studinten yn groepen plannen. Sneon oan de ein fan de moarn hawwe sy dy plannen presintearre.

Ien studintegroep wol in sportdei organisearje foar asylsikers én besteande ynwenners fan Ljouwert, en dan benammen foar de bern. It doel is dat de sportdei der ek foar soarget dat de asylsikersbern in foarkar foar sport krije.

It doel is om de bern de mooglikheid te jaan om dan mei dy sport troch te gean. In diel fan de plannen fan de studinten moat noch fierder útwurke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)