Oanriding tusken auto en motor op de Wâldwei

12 mrt 2016 - 12:27

Op de Wâldwei tusken De Pein en Nyegea is sneon tusken de middei in ûngelok bard. It giet om in oanriding tusken in auto en in motor. De bestjoerder fan de motor kaam te fallen en rekke dêrby ferwûne. Hoe slim de man ferwûne is, is net bekend.

It trochgeand ferkear moat hjir rekken hâlde mei opûnthâld. It giet om de N31 yn de rjochting fan Ljouwert.

Trefwurden: 
oanriding Wâldwei motor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)