Sneon binnendoar dronerace yn gebou Zwette Meubelen

12 mrt 2016 - 12:03

Yn Ljouwert wurdt sneon de earste binnendoar dronerace fan Fryslân hâlden. Dekôr is it leechsteande gebou fan it eardere Zwette Meubelen. Mei-inoar dogge tweintich dielnimmers oan de wedstryd mei. It giet neffens de belutsenen om de fluchst groeiende sport yn de wrâld.

It droneracen is ûntstien yn Australië. De drones kinne in snelheid helje fan mear as 100 km de oere. Der is in spesjale bril nedich om it apparaat te bestjoeren.

Trefwurden: 
drone dronerace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)