A7 ôfsletten nei earnstich ûngelok by Drachten

12 mrt 2016 - 11:29

Ferkear kin op dit stuit net oer de A7 by Drachten. It giet om it stik tusken Drachten-sintrum en Fryske Peallen, yn de rjochting fan Grins. Op de dyk binne in auto en in frachtauto mei-inoar yn botsing kaam. Neffens de earste berjochten binne dêr trije minsken by ferwûne rekke, dy binne nei it sikehûs brocht. Hoe slim se der krekt oan ta binne is noch net dúdlik.

De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht. Dêrnei moat de dyk ek noch skjinmakke wurde. Om 12 oere waard ien rydstrook wer iepen steld foar it ferkear.

Yntusken steane der op it plak fan it ûngelok files. It ferkear moat noch wol rekken hâlde mei fertragings. 

Trefwurden: 
ûngelok A7 Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)