Knegt en Breeuwsma wurde mist op WK shorttrack

12 mrt 2016 - 11:08
  • Bûnscoach Jeroen Otter is ûntefreden oer de Nederlânske manlju

It WK shorttrack yn Koreä ferrint foar de Nederlânske manlju teloarstellend. Der waard net ien yndividueel finaleplak helle. Bûnscoach Jeroen Otter is kritysk oer it optreden fan de Friezen Dennis Visser fan De Lemmer en Itzhak de Laat fan Ljouwert. "Het was een zwak optreden van de twee jonkies in het team, ze hebben ondermaats gepresteerd", seit Otter. Visser en De Laat waarden freed útskeakele op de 500, 1000 en 1500 meter.

Troch it teloarstellende optreden mei Nederlân mar mei twa riders starte op it WK fan 2017 yn Rotterdam.

It doel fan de shorttrackploech wie om ien rider by de earste acht en in twadde by de earste sechtjin te hawwen. Dy doelstelling wie fierstente heech sûnder de cracks Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Dy twa binne der yn Koreä net by fanwege blessueres. De manlju komme noch wol yn aksje op de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)