Sloopwurk wie oarsaak gaslucht op It Hearrenfean

12 mrt 2016 - 10:16

Sloopwurk liket de oarsaak te wêzen fan de gaslucht, dy't freed rûkt waard by in supermerk oan de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean. Fanwege de lucht waarden fiif apparteminten boppe de supermerk ûntromme. Letter die út mjittings fan de brânwacht bliken dat der gjin gas te finen wie, de bewenners koenen dêrop nei har appartemint werom.

Nei alle gedachten is it geurstofke dat oan gas taheakke wurdt yn 'e buert hingjen bleaun, neidat der âlde liedingen fuorthelle wienen. It gas sels is wol ferflein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)