Gjin treinen mar bussen tusken Ljouwert en Harns

Yn Harns wurdt dit wykein drok op en njonken it spoar wurke © Stefan Postema
Troch wurk oan it spoar ride der sneon gjin treinen tusken Ljouwert en Harns Haven. Yn stee dêrfan set Arriva bussen yn. Dy dogge ek alle tuskenlizzende stasjons oan. In tsjinstregeling is te finen op de webside fan Arriva. Ek snein ride der op it trajekt tusken Ljouwert en Harns gjin treinen mar bussen. It wurk is nedich yn ferbân mei it nije spoarfiadukt dat boud wurdt yn Harns. Dat moat yn de twadde helte fan juny pleatst wurde.