Nije brêgedielen Burgum wurde sneon pleatst

12 mrt 2016 - 09:43

Mei grutte kranen wurde sneon by Burgum twa brêgedielen pleatst. Sneontemoarn giet it om it beweechbere diel fan de fytsbrêge, dat sa'n 200 ton weaget. Sneontemiddei is it beweechbere diel fan de autobrêge oan 'e beurt, mei in gewicht fan 260 ton. De nije brêgedielen binne nedich om de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl begeanber te meitsjen foar gruttere skippen.

Fanwege it wurk kin ferkear sneon geregeld net oer de brêge. Dat wurdt omlaat op de mominten dat dat nedich is. Ek de skipfeart moat rekken hâlde mei in stremming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)