SKS-foarsitter Peter de Jong nimt ôfskied

De SKS moat der om tinke dat de autentisiteit beholden bliuwt en dat betsjut gjin grutte reklame-uterings op skûtsjes en wedstrydwetter. Dat seit foarsitter Peter de Jong by syn ôfskied fan de SKS. Nei 16 jier yn it bestjoer leit er sneon de hammer del. Fise-foarsitter en siktaris René Nagelhout is foardroegen as syn opfolger.
Yn syn perioade as foarsitter krige De Jong in slimme sykte: leukemy. Hy neamt de stipe dy't er doe krige fan de hiele skûtsjewrâld tige wichtich foar syn herstel.
Yn radioprogramma Buro de Vries komt De Jong snein wiidweidich op de tekst oer syn tiid yn it bestjoer fan de SKS en ek oer syn sykte.