IFKS nimt maatregels foar mear feilichheid

De IFKS-wedstriden moatte folle feiliger wurde. Feiligens is yn it foarste plak in mentaliteitskwestje, mar de organisaasje nimt ek ferskate maatregels. In útkyk foar op de skûtsjes wurdt ferplicht by de wedstriden. Fierder komt der in proef mei in sjueryboat op it wetter. Neffens foarsitter Sicko Heldoorn giet dêr in 'previntyf effekt' fan út.
Oare maatregels binne it útinoar helje fan de B- en C-klasse en in petear mei kandidaat-skippers oer har skûtsjesylûnderfining. De IFKS hat dat freed ôfpraat oer harren ledegearkomste.
IFKS-foarsitter Heldoorn hâldt it der op dat feiligens yn it foarste plak in kwestje fan mentaliteit is. "Je moatte net botse, mar besykje om botsingen te foarkommen." Trochfarre nei in ûngelok mei ferwûnen, lykas yn de simmer fan 2015, is absolút net de bedoeling en yn striid mei de regleminten. "Feiligens is wichtiger as winnen", sa seit Heldoorn.