Kiteklup Fryslân wol graach mear kitesurfspots

12 mrt 2016 - 07:40

De Kiteklup Fryslân wol graach ferskate kitesurfspots iepenje. Dat sei foarsitter Marco Jellema freed op de earste offisjele ledegearkomste fan de klup. Neffens Jellema is dat nedich omdat der hieltyd mear kitesurfers by komme. Benammen de kitesurfspots Mirns en Warkum binne populêr.

Jellema seit dat it dêrom lêstiger wurdt om tafersjoch te hâlden op alle surfers. Dêrtroch bart it geregeld dat der bûten de bestimde sônes surfd wurdt. De Kiteklup sil dizze minsken dêrop wize en kliniks oanbiede om de belangen sa goed mooglik te behertigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)