De Gaastmar, Burgwert en Aldeholtpea moaiste doarpen

De Gaastmar, Burgwert en Aldeholtpea, dat binne de moaiste doarpen fan Fryslân. Alteast, neffens de beoardieling fan doarpsstyliste Hieke Joostema-Greidanus. Yn totaal hat se 23 doarpen wiidweidich beoardiele op tsien ûnderdielen en dizze trije doarpen kamen, mei elk 98 fan de 100 punten, as moaisten út de bus.
Yn Doniahûs, it doarpshûs fan Burgwert, krigen fertsjintwurdigers fan de doarpen freed de einrapportaazje oerlange troch deputearre Klaas Kielstra.