Nederlânske manlju winne ploege-efterfolging yn Thialf

11 mrt 2016 - 18:44

De Nederlânske manlju hawwe freedtejûn de ploege-efterfolging wûn by de wrâldbekerfinale yn Thialf. De wrâldkampioenen, mei de Friezen Arjan Stroetinga út Waskemar en Douwe de Vries fan It Hearrenfean yn de ploech, fersloegen Poalen yn in tiid fan 3.42.28. De Nederlanners hawwe ek it goud yn it einklassemint wûn. Noarwegen is yn de einstân twadde wurden en Poalen tred.

De sprintfroulju einigen freed as tredde op it ûnderdiel teamsprint. It team, mei de Friezinnen Margot Boer en Janine Smit en Bo van der Werff út Grinslân, moasten bûge foar Sina en Japan. De Nederlânske sprintsters waarden yn it einklassemint om de wrâldbeker twad, efter Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)