Man slim ferwûne nei stekpartij, soan oanhâlden

11 mrt 2016 - 21:52

By in stekpartij yn Drachten is in 66-jierrige man slim ferwûne rekke. De stekpartij wie yn de strjitte De Twee Gebroeders. Koart nei it ynsidint is de 40-jierrige soan fan de man oanhâlden. Hy sit noch fêst. De frou fan it slachtoffer skeakele direkt nei it ynsidint de plysje yn. De belutsenen wurde heard troch de plysje.

Oer de oanlieding fan de stekpartij is noch neat bekend. It mes wêrmei't stutsen is, waard troch de plysje yn beslach naam. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. By de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset. It is noch ûndúdlik hoe't it mei de ferwûne man is.

Trefwurden: 
Drachten stekpartij plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)