Skries Amalia komt nei wrâldreis wer oan yn Britswert

11 mrt 2016 - 17:09

De skries Amalia is werom yn Fryslân. Se is freedtemoarn sinjalearre yn Britswert. Yn it ramt fan in spesjale aksje fan Kening fan de Greide is har reis de lêste wiken yntinsyf folge. Dat kin troch it stjoerderke dat Amalia hat.

Tongersdei wie se noch yn Frankryk en freedtemoarn like it der even op dat se nei Ierlân fleane soe. Mar dat wie net sa, de ferkearde ynformaasje kaam troch in steuring yn it stjoerderke. Amalia wie doe al ûnderweis nei Nederlân.

Oan ien stik

De lêste 1200 kilometer hat se oan ien stik wei flein. Moandei is der in fiering yn Britswert, om de weromkear fan Amalia te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)