Quincy traint mei by SC Hearrenfean

Quincy Owusu-Abeyie © Omrop Fryslân
Quincy Owusu-Abeyie sil de kommende wiken mei SC Hearrenfean meitraine. De 29-jierrige fleugeloanfaller fan ûnder oaren Arsenal en Spartak Moskou hat mei Foppe de Haan de ôfspraak makke dat hy by Hearrenfean syn kondysje op peil hâlde mei. Quincy is in âlde bekende fan Foppe de Haan, sa wie de Nederlânske Ganees in sensaasje yn it Nederlânsk alvetal ûnder de 20 jier. Quincy hat yn febrewaris ek in pear kear meitraind mei Cambuur, mar sette doe sels in punt efter syn staazje. Hy wie net fit genôch, fûn er sels.
Quincy hat yn it ferline by grutte klups fuotballe sa as Arsenal, Spartak Moskou, Celta de Vigo en Panathinaikos. Quincy spile foar it lêst yn febrewaris yn 2015 foar it Portugeeske Boavista.