Omrop TIP: Bern fan Ynjegongers fertelle

13 mrt 2016 - 07:33

Mear as achttûzen Fryske soldaten nimme yn it twadde part fan de jierren fjirtich diel oan de polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje. Foar in soad fan harren sille it traumatyske jierren wurde.

Op klompen troch de dessa

Dat is te lêzen yn ‘Op klompen troch de dessa’ fan auteur Hylke Speerstra. De útjefte fan it boek soarget yn 2014 foar in weach oan reaksjes, benammen fan bern fan ‘Ynjegongers’ dy‘t yn de ferhalen fan Speerstra harren eigen heit werkenne. In heit dy’t boppe-al swijde oer it ferline yn Nederlânsk-Ynje.

Syktocht nei in ferswijd ferline

Yn de Fryslân DOK ‘De ferswijde dessa’ giet Hylke Speerstra op syk nei de ferhalen fan bern fan ‘Ynjegongers’. Ferhalen dy’t stik foar stik dúdlik meitsje dat it ferline fan goed santich jier tebek noch hieltyd libbet en net ferwurke is.

De dokumintêre 'De ferswijde dessa, bern fan Ynjegongers fertelle' is sneon 12 maart om 15.30 oere en snein 13 maart om 12.55 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)