Untwerpteam oan de slach mei iisfontein op Dokkumer Merk

11 mrt 2016 - 14:13
  • It ûntwerp foar de fontein yn it sintrum fan Dokkum

De gemeente Dongeradiel wol in ûntwerpteam yn it libben roppe foar de nije iisfontein op de Merk yn Dokkum. Dit team moat soargje dat der in oanpast ûntwerp komt fan de fontein en de omjouwing. Keunster Birthe Leemeijer makke yn it ramt fan de Kulturel Haadstêd in ûntwerp. Alle alve stêden krije in fontein kado. It plan foar Dokkum krige lykwols in soad krityk. Dêrop hat de gemeente ynrinbyienkomsten organisearre.

De reaksjes binne bondele en it nije ûntwerpteam sil dermei oan de slach.

De gemeente krijt de fontein kado, mar moat wol de Markt werynrjochtsje. Ien fan de kritykpunten wie dat ynwenners benaud binne dat der tefolle parkearplakken ferlern geane. Dêrom wurdt it plein oanpast. Dongeradiel tinkt dat dit sa'n twa miljoen kostje sil. Boppedat nimme de ûnderhâldskosten ta mei 9.000 euro it jier. Hoefolle de gemeente misrint oan ynkomsten fan parkearjild, is noch net hielendal dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)