Drachtster drankrider ferspilet rydbewiis yn Limboarch

11 mrt 2016 - 14:08

In 59-jierrige frachtweinsjauffeur út Drachten is by Spaubeek yn Limboarch betrape op it riden mei tefolle drank op. De man waard tongersdeitejûn sjoen doe't er slingerjend oer de A2 ried. De man negearde yn earste ynstânsje in stopteken fan de plysje, mar sette syn frachtauto letter dochs oan 'e kant op de A76.

Dêr waard de man blaastest ôfnaam. Dêrút die bliken dat de man fiif kear safolle dronken hie as tastien. De Drachtster hat syn rydbewiis ynleverje moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)