Auto kopke ûnder yn sintrum fan It Hearrenfean

Yn it sintrum fan It Hearrenfean rekke freedtemoarn in auto yn de Hearesleat. Dat barde op de Hearewâl. De bestjoerder koe op tiid út de auto komme en waard opheind troch helptsjinsten. Plysje, ambulânse en brânwacht wiene der gau by, mar hoegden net yn aksje te kommen.
De auto ferdwûn hielendal ûnder wetter. Oan it begjin fan de middei hat in bergingsbedriuw yn oparbeidzjen mei in dûkbedriuw de auto wer boppe wetter takele.