Foppe hutselet ploech trochinoar

11 mrt 2016 - 12:24
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan moat út need syn ploech oanpasse foar de wedstriid tsjin koprinner PSV. Troch de skorsing fan Joey van den Berg skoot Jerry St. Juste troch nei it middenfjild. Pele van Anholt is op syn minst seis wike út de rûlaasje fanwege in skuorke yn syn hamstring. Syn ferfanger is Stefano Marzo.

Luciano Slagveer makket nei syn blessuere syn rentree yn 'e basis. Dêrtroch bedarret Sam Larsson op it middenfjild. Slagveer moat soargje foar de oanfier rjochting spits Mitchell te Vrede.

Te Vrede krijt opnij de foarkar boppe Henk Veerman. "Ik kan Mitchell goed vinden. Ik heb hem dit seizoen al drie assists gegeven en dat is meer dan vorig jaar aan Mark Uth in een heel seizoen", sa seit Slagveer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)