Tamtaasje deade brúnfisk is 'fernieling foarwerp'

De fertochten fan de tamtaasje fan de brúnfisk by Seisbierrum kinne mooglik ferfolge wurde foar fernieling. Dat seit advokaat Bart Canoy. As it bist al dea is foardat it tamtearre wurdt, is it juridysk sjoen gjin bist mear, mar in foarwerp. Tamtaasje is dan fernieling.
Fiif jonges ha harren meld by de plysje foar it ynsidint wêrby't in brúnfisk sûnder kop en sûnder yngewanten fûn waard op de seedyk. It bist wie achter in auto oansleept. De jonges hawwe ferklearre dat de brúnfisk al dea wie doe't se it fûnen.
It soe gean om in "kweajongesstreek" dy't út de hân rûn, sizze se no. It Iepenbier Ministearje beslút yn de rin fan nije wike oft de fertochten ek ferfolge wurde. Neffens Canoy soe it Iepenbier Ministearje by dat beslút noch meinimme kinne dat de saak foar frijwat opskuor soarge hat.