Plysje op syk nei tsjûgen brân Drachten

11 mrt 2016 - 11:56
  • De flammen en de reek slaan derút yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten

De plysje siket om twa jonges fan tusken de 13 en de 16 dy't faaks mear fertelle kinne oer de brân yn it appartemintekompleks oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Ofrûne woansdei fleach in motor foar it kompleks yn de brân. It fjoer sloech oer en trije apparteminten rekken swier skansearre.

De plysje die daliks in buertûndersyk en beseach ek kamerabylden. Dêrop binne twa jonges te sjen dy't op de fyts delkamen. De plysje hopet dat sy mear oer de oarsaak fan de brân fertelle kinne.

As sy har net melde, makket de plysje de bylden iepenbier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)