Algra neamt foto-oprop Faunabeskerming "te gek foar wurden"

11 mrt 2016 - 07:43

"Te gek foar wurden." Sa neamt BFVW-foarsitter Rendert Algra de oprop fan de Faunabeskerming om aaisikers yn Fryslân op de foto te setten. Se wolle sa dokumintearje hoefolle aaisikers it lân yn geane om nei nêsten te sykjen. Algra is benaud dat de Faunabeskerming frijwilligers fan it BFVW as kriminelen op ynternet set. As Faunabeskerming dat docht, dan oerwaget Algra de stap nei de rjochter. "Wy steane foar ús frijwilligers", sa lit Algra witte.

Neffens de BFVW-foarsitter geane de frijwilligers it fjild yn om nêsten te beskermjen.

Faunabeskerming leaut dat net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)