Twaspjalt yn Grou oer nije ynrjochting Halbertsmaplein

Grousters binne it net iens oer de takomst fan it Halbertsmaplein yn it doarp. Dat die tongersdei bliken op in spesjale gearkomste.
De gemeente Ljouwert hie de Grousters útnûge om te praten oer de werynrjochting fan it plein. Dat smiet in soad ferskillende reaksjes op, benammen oer it parkearen. Op it stuit kinne der sa'n 37 auto's stean. Undernimmers sizze dat der no al parkearproblemen binne yn it doarp. Wannear't parkearplakken ferdwine, soe dat de problemen allinnich mar grutter meitsje.
Guon omwenners fine dat der folle mear romte komme moat foar in spesjaal moetingsplak op it plein. Ek gean der lûden op foar terrassen en om folle mear beammen en grien te realisearjen. De skûtsjekommisje, de stichting Muzyktinte Grou en FFF fine dat der yn alle gefallen romte bliuwe moat foar alle eveneminten dy't alle jierren op it plein hâlden wurde.
De gemeente Ljouwert is fan doel om sa'n trije ton beskikber te stellen foar de werynrjochting. As alle noazen deselde kant op stean, dan kin oer in jier de útfiering fan de werynrjochting úteinsette.