KH2018 presintearret himsels as 'Hollânsk' op fakânsjebeurs

10 mrt 2016 - 22:32

"'Holländischer geht's nicht", oftewol, Hollânsker wurdt it net. Sa presintearret Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 him op de grutte toerismebeurs ITB yn Berlyn. Dy beurs is dizze hiele wike en wurdt foaral besocht troch fertsjintwurdigers fan reisorganisaasjes.

Kulturele Haadstêd hopet safolle mooglik reisorganisaasjes te ynteressearjen foar Ljouwert en Fryslân, sadat se opnaam wurde yn 'e reisbrosjueres. De Ljouwerter delegaasje hat as doel mei safolle mooglik reisorganisaasjes yn kontakt te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)