Faunabeskerming: "Set aaisikers op de foto"

10 mrt 2016 - 21:00

De Faunabeskerming ropt minsken op om foto's te nimmen fan aaisikers yn Fryslân. De foto's kinne opstjoerd wurde nei de organisaasje. Dêrmei wolle de organisaasje dokumintearje hoefolle aaisikers oft it lân yngean om nei nêsten te sykjen.

De feriening fynt dat de provinsje Fryslân kontrolearje moat op ljipaaisykjen en eventueel minsken beboetsje. De Faunabeskerming ropt de provinsje fia har advokaat op om uterlik freed te besluten oer it hânhavenjen fan it ferbod op aaisykjen.

Rekreative redenen

Dat betsjut dat it leden fan it BFVW net tastien is om te aaisykjen, de aaien út it nêst te heljen of it aaisykjen te fasilitearjen. It sykjen nei nêsten fan greidefûgels is allinnich tastien, as der in direkt ferbân is mei it beskermjen fan de nêsten. Mar neffens Harm Niesen fan de Faunabeskerming bart dat net en wurdt der benammen om rekreative redenen nei aaien socht. "Wij willen door middel van de foto's documenteren hoeveel er in weilanden rondgelopen wordt om naar nesten te zoeken", seit Niesen. "Wij bewaren de foto's in geval van nood, zodat we eventueel kunnen aantonen hoe ernstig de verstoring van de kievit is."

"Geen confrontaties"

Op harren webside skriuwt de Faunabeskerming: "Wij roepen iedereen in Friesland op, om - van flinke afstand - zoekende mensen in het veld op de foto te zetten. En die foto, met tijd en plaats, aan ons toe te sturen. Liefst vanuit een auto met minimaal twee inzittenden, en het lijkt niet raadzaam om lang op een plaats te blijven... Confrontaties moeten ten alle tijde voorkomen worden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)