Aksje yn Den Haag foar ferbliuwsfergunning Sachi en har mem

Keamerleden nimme brief mei 4000 hantekeningen yn ûntfangst foar ferbliuwsfergunning famylje Singh © Gemeente Dantumadiel
Boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel hat tongersdei in brief oanbean oan in tal Twadde Keamerleden. Yn de brief ropt er steatssekretaris Dijkhoff op om de famylje Singh út Driezum in ferbliuwsfergunning te jaan.
De aksje is in inisjatyf fan de gemeenteried fan Dantumadiel en it aksjekomitee 'Sachi en haar moeder moeten blijven'. Se fine dat de Yndiaaske mem Rajnish en har Surinaamske dochter Sachi in ferbliuwsfergunning krije moatte. Mem en dochter Singh wenje al hast tsien jier yn Nederlân.
De brief mei fjouwertûzen hantekeningen oanbean oan Keamerleden Lutz Jacobi fan de PvdA, Joël Voordewind fan de ChristenUnie en Linda Voortman fan GrienLinks. De Keamerleden hawwe oanjûn dat it ferhaal fan de famylje Singh harren oangrypt. Se hawwe tasein omtinken foar de saak te freegjen by de steatssekretaris.