Plysje hat foto's fan manlju dy't pinne mei stellen paskes

Kaaikastke © Opsporing Verzocht
De plysje hat bylden ferspraat fan manlju dy't pinne mei stellen paskes. Ien dieder is te sjen as er op It Hearrenfean jild út de muorre hellet. It paske waard op 3 novimber stellen, ek op 't Fean. De oare man op foto pint yn Wezep mei in pas dy't yn augustus stellen waard yn Drinte.
De dieven kamen yn de wenten troch de kaaien út de klûskes te heljen dy't oan de bûtenkant fan wenten sitte. Dy hingje dêr foar de thússoarch of famyljeleden. Dy moatte in koade yntoetse om by de klûskes komme te kinnen.
It lêste jier is op meardere plakken yn Noard-Nederlân ynbrutsen mei de klûskesmetoade.