Pieter-Jan Postma hat net syld fanwege waarsomstannichheden

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © : Robert Deaves
Finnsiler Pieter-Jan Postma hat tongersdei by it Europeesk kampioenskip yn Barcelona gjin wedstriid syld. Fanwegen in feroarjende, faak fuort fallende wyn, koe de fiifde wedstriid net syld wurde. Postma bliuwt dêrom op it tredde plak yn it algemien klassemint stean.
Freed wurdt der, ôfhinklik fan it waar, wer syld.