FNV: "Bern nei hûs stjoere is absurd en beskamsum"

10 mrt 2016 - 17:21
  • Klasselokaal

Fakbûn FNV hat krityk op de aksjes dizze wike fan it kristlik ûnderwiis yn Fryslân. As protest tsjin de nije wet Werk en Zekerheid waarden sawat trijehûndert skoalbern nei hûs ta stjoerd. Neffens de nije flekswet kinne ynfalkrêften tenei mar trije kear ynhierd wurde. Dêrnei moatte se in fêste oanstelling krije. De kristlike skoallen ferwachtsje grutte problemen as der bygelyks op 'e nij in grypweach komt.

Fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan it FNV neamt de aksjes fan de kristlike basisskoallen absurd en beskamsum.

Mei de nije wetjouwing is it hiel goed mooglik om yn gearwurking mei de fakbûnen tydlike dosinten yn te skeakeljen, seit Van Dijk. Bestjoersfoarsitter Erik Rietkerk fan it oerkoepeljend orgaan Meilân fan fyftjin kristlike basisskoallen yn gemeente De Fryske Marren werkent him net yn de krityk. Rietkerk sil de kommende dagen mei de fakbûnen om 'e tafel om in oplossing foar it probleem te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)