Nachtopfang foar dakleazen iepen fanwege de froast

10 mrt 2016 - 17:09

Omdat it de kommende nachten kâlder wurdt, giet by de nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert de winterregeling wer fan start. Dat betsjut dat der ekstra bêden beskikber binne. Gewoanwei hat de nachtopfang fjirtich plakken, by de winterregeling binne dat der 52. De regeling jildt as it bûtendoar kâlder is as -2 of kâlder fielt as -5 graden. By it sosjaal pensjon yn Snits is ek ekstra opfang beskikber.

It is dit jier foar de fjirde kear dat de winterregeling jildt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)