Talkshow Gesprek van Sneek snein foar it lêst

10 mrt 2016 - 16:01

'Het Gesprek van Sneek' belibbet snein syn lêste edysje. De organisatoaren hawwe besletten dermei op te hâlden. 'Het Gesprek van Sneek' is in inisjatyf fan PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch, dy't yn Snits wennet. It is in soart talkshow mei gasten út de wrâld fan de polityk, de kultuer, it bedriuwslibben en de sport. De byienkomsten yn kafee Vellinga yn Snits lutsen altiten in soad folk.

Monasch fynt de ein fan it fyfde seizoen in goed momint om op te hâlden. Snein is ûnder oare kommissaris fan de Kening Jorritsma te gast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)