Dronerace yn leechsteande meubelwinkel yn Ljouwert

10 mrt 2016 - 15:55
  • In drone

Yn it leechsteande gebou fan Zwette Meubelen yn Ljouwert is sneon foar de earste kear in dronerace. Likernôch tweintich drones nimme it dêr tsjininoar op. Se moatte sa rap mooglik in rûntsje fleane troch it gebou, mei ferskate obstakels.

De organisaasje wol graach takom jier in Nederlânsk Kampioenskip yn Fryslân organisearje. Yn Bynt tongersdei in petear mei inisjatyfnimmer Ritske van Kesteren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)