Acht jier sel easke tsjin Ljouwerter kokaïnehanneler

10 mrt 2016 - 14:31

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei acht jier sel easke tsjin in 32-jierrige Ljouwerter. Hy is neffens it IM it haad fan in kriminele organisaasje, dy't hannele yn kokaïne. In 61-jierrige Ljouwerter hearde seis jier sel tsjin him easkjen. Hy soe de kriminele partner fan de oare Ljouwerter west ha.

Fierder stienen ek in man út Hurdegaryp (63) en in tredde Ljouwerter (26) foar de rjochter. De man út Hurdegaryp wurdt derfan fertocht dat er koerier wie foar de organisaasje, de Ljouwerter soe losse putsjes dien ha.

Tsjin de man út Hurdegaryp waard 30 moannen sel easke, tsjin de 26-jierrige Ljouwerter 107 dagen sel. De rjochter docht oer twa wike (24 maart) útspraak yn dizze saak. In fiifde fertochte sit noch fêst yn Kolombia, dêr waard er betrape op kokaïnesmokkel. Hy wurdt dêr ek ferfolge.

Trefwurden: 
kokaïnehannel selstraffen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)