Jier útstel foar 'Romantic Painters of the North'

10 mrt 2016 - 13:59

De útstalling 'Romantic Painters of the North' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in jier útsteld. It soe earst ûnderdiel wurde fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Om't der dan al twa grutte útstallings oer Mata Hari en Escher op it programma stean is der kwalik romte.

Yn oerlis mei de organisaasje fan Kulturele Haadstêd is de útstalling ferpleatst nei 2019. It hat de wurktitel 'Redbad en de Vikingen'. Njonken wurk fan Fryske skilders lykas Jentje Popma wurdt ek wurk útstald fan Skandinavyske skilders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)