Gemeentejild foar 'ut behoud fan ut Franekers'

© OPB, Jan de Haan
De gemeente Frjentsjerteradiel stipet it 'Genoatskap foar ut behoud van ut Franekers' mei hast 2000 euro subsydzje. It jild is bedoeld foar de promoasje fan de Frjentsjerter fariant fan it Stedsfrysk. Dêrfoar wol it Genoatskap in taalgids en in wurdboek meitsje. Der binne ek plannen foar diktee- en dichtwedstriden.
De gemeente Frjentsjerteradiel giet yn 2018 op yn fúzjegemeente Waadhoeke en dêrom wol it Genoatskap de Frjentsjerter taal yn eare hâlde.