Treinen moatte stadich oer de spoarbrêge by Akkrum

10 mrt 2016 - 13:06

De spoarbrêge tusken Haskerdiken en Akkrum oer it Mûntsjerak wurdt yn novimber ferfongen. It metaal wurdt minder en om der foar te soargjen dat it net slimmer wurdt, ride de treinen op dat stik stadiger. Dat hat gjin gefolgen foar de tsjinstregeling, sa seit wurdfierder Lucas Stassen fan Prorail.

Ferline jier is der ek al wurke oan de spoarbrêge yn Akkrum sels. Dat wie ek al om problemen mei de sterkte fan it metaal foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)