Kollum: "Stront"

10 mrt 2016 - 08:23
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

By ús yn it doarp barre mysterieuze saken. Saken dy’t him djip ûnder de grûn ôfspylje en dêr is net it measte deiljocht. Al in pear wiken steane der twa auto’s. Se steane in eintsje fan elkoar ôf, mar ha dochs ferbining mei elkoar. En dat giet op in tige fernuftige wize. De iene auto is grutter as de oare. Hy beskikt oer in mânske tenk. Sa no en dan rydt dy auto efkes it doarp út en nei in minút as wat tuft er wer nei it plak dêr’t er earder stie en begjint wer mei de oare auto te kommunisearjen. Dit alles is streekrjocht te sjen, as je der each foar ha. Der rint ien man yn in oranje jas by om. Nuveraardige saken. De measte minsken merke it net iens, wol ik leauwe. De auto’s steane der, se dogge wat, mar wat se no krekt dogge?

It wie in dei as wat lyn moai waar en de frou en ik wienen efkes in slach om. Doe’t we it doarp wer yn rûnen, seagen we se al wer stean. De grutte en de lytse auto. By de lytse wie gjin minske te bekennen, mar dochs barde der wat. Ik bin wol wat nijsgjirrich as it om mystearjes giet, dus stoppe ik efkes. De gie in kabel troch in putdeksel de grûn yn. En dy kabel beweegde. Wylst der net ien wie dy’t dat ding oan like te stjoeren. Ik seach mei in skean each nei de oare auto en fertocht de man yn de oranje jas der fan dat er der wat mei te krijen hie. Hoe dan ek, ik wie op in grut skerm live tsjûge fan in tocht troch ûndergrûnsk Boarnburgum en waard traktearre op tige skerpe bylden fan wat wy sa al troch de wc spiele. Dit tafriel spile him middeis nei iten ôf. Ik bin in man fan de klok, moarns kofje en dan nei it húske, dus de kâns dat ik myn eigen brousel foarby farren seach wie neffens my tige lyts. De kamera ferpleatste him fan de iene nei de oare oansetting fan de rioelbuizen en ynspektearre de kwaliteit fan ien en oar.

No ha wy in jier as wat lyn doarpsfernijing hân, mei as ûnderdiel it ferfangen fan it rioel. Wy ha no ien buis foar himelwetter en ien foar alles dat suvere wurde moat. En dy buizen sille sa no en dan kontrolearre wurde moatte, stel ik my foar. Dus mochten jim op in dei twa auto’s yn jim doarp oantreffe dy’t jim op it earste gesicht net thúsbringe kinne, mar dy’t oan myn omskriuwing foldogge, soe it sa wêze kinne dat jim ôffierpipen neisjoen wurde. Ik hoopje yn de goedichheid al dat alles in bytsje knap liket, want ik sit net op iepenbrutsen diken te wachtsjen. Dy ha se yn Drachten wol. It is bytiden topsport om troch de Hoofdplaats te kommen. No leit de Vogelzang der út, dus knoffelje wy oer it terrein fan it eardere busstasjon. Der sylt sa no en dan wolris in ferdwaasde fytser of skootmobiler tuskentroch dy’t mei it moaier wurden fan it waar ek wer bûtendoar komme en neat meikrigen ha fan dy iepenbrutsen diken, mar fierder rêdt him wol. Mar as je dan rjochtsôf de Toerstrjitte yn geane en je wolle nei it Van Knobelsdorffplein, blykt dat De Drift foar de twadde kear wer in skoft ôfsletten is. Neffens de berjochten wurdt der no de lêste hân lein oan de definitive ynrjochting. Dat is moai, mar wer sa’n skoft ticht liket my no ek wer net sa rendabel foar de nije parkearkelder, dy’t neffens Karen Bies in skoft lyn al in prima plak wie om seks te hawwen, want der wie en is oars dochs net in sterveling.

Hawar, jo wurde twongen om oer de Kaden nei it meast freeslike plak fan Fryslân te gean, de krúsing dêr’t de Dwersfeart de Kaden tsjinkomme. No, bergje dy dan mar. As je dat obstakel libben en wol trochstien ha, blykt dat je daliks kats yn de file steane, omdat al it ferkear him no fia ien minyrotonde rjochting sintrum, Splitting en sikehûs Nij Smellinge wrotte moat. File yn Drachten, wa betinkt soks. Doe’t ik folslein in al dizze falkûlen trape wie en foeterjend yn de rige stie, seach ik in span wylde einen. Midden yn Drachten, op de Dwersfeart. Se woenen de dyk oer. Ik ha kreas op harren wachte, dat wie in moai onthaastmomint. Mar ynstee fan in freonlik knikje fan ien fan beide bisten as wurdearring, of om myn part efkes fatsoenlik wuive mei in wjuk, skiet de jerke in grouwe bult op de dyk, flak foar myn bestelbus. Sa draaide alles dus op stront út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)