Thialf makket him op foar finales fan de wrâldbeker

10 mrt 2016 - 07:59
  • Margot Boer nimt dit wykein ôfskied

Under oare Margot Boer, Marrit Leenstra, Ireen Wüst, Antoinette de Jong, Yvonne Nauta en Carien Kleinbeuker dogge dit wykein mei oan de wrâldbekerfinale yn Thialf. By de manlju komme de Friezen Sven Kramer, Jorrit Bergsma, Douwe de Vries en Arjan Stroetinga yn aksje. Dat hawwe de seleksjekommisje fan de KNSB en bûnscoach Geert Kuiper bekend makke. De wedstriid wurdt ferriden op freed, sneon en snein.

Foar Margot Boer is it, lykas foar Stefan Groothuis, de lêste offisjele wedstriid. Sy nimme ôfskied fan de reedrydsport.

Dat jildt ek foar Bob de Jong, al komt hy dit wykein net mear yn aksje.

De Friezen komme op de folgjende ôfstannen yn aksje:

* Margot Boer: 500, 1000, teamsprint
* Marrit Leenstra: 1000, 1500, ploege-achterfolging
* Ireen Wüst: ploege-achterfolging
* Antoinette de Jong: 1500, ploege-achterfolging
* Yvonne Nauta: 3000
* Carien Kleibeuker: massastart

* Sven Kramer: 5000
* Jorrit Bergsma: 5000, massastart
* Douwe de Vries: 5000, ploege-achterfolging
* Arjan Stroetinga: 5000, ploege-achterfolging, massastart

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)