Mjittings by fleanbasis jouwe goed byld fan lûdsbelêsting

In dúdlik byld krije fan it lûd dat de fleantugen fan de fleanbasis Ljouwert meitsje. Dat woe Waling Dijkstra fan Jelsum. Hy wennet ûnder de oanfleanrûte fan de fleanbasis. Ofrûne maitiid hierde er de Antea Group yn. Yn oparbeidzjen mei technologybedriuw INCAS3 hat dat bedriuw in systeem ûntwikkele om de lûdsbelêsting fan fleantugen yn byld te bringen. No bart dat oan de hân fan rekkenmodellen.
Om it lûd te mjitten hat de Antea Group in skoft lang mjitapparatuer yn de tún fan Dijkstra te stean hân. It tastel waard ek op de foto set.
Nije F35 
Dijkstra wol sa helder krije wat de echte ynfloed is fan it lûd fan de fleantugen op de omjouwing. Hy wol ek oantoane dat it mooglik is om mei nije techniken de lûdsbelêsting objektyf yn kaart te bringen. Dat is fan belang om it ferskil te mjitten mei de F35 (JSF), it nije tastel fan de loftmacht. Dat komt fan it maitiid nei de Fleanbasis Ljouwert foar saneamde 'belevingsvluchten'. Dat binne fluchten om de bewenners wenne te litten oan it lûd fan it nije fleantúch. Dijkstra wol dan wer mjitte om dúdlik te krijen oft it tastel echt mear leven makket as de F16 fan no. Neffens him gean minsken der no fan út dat de lûdsoerlêst tanimme sil, mar dêr is noch lang gjin bewiis foar. It kin likegoed wêze dat Definsje noch net op de maksimale lûdsoerlêst sit.
Ferskil yn lûdsnivo
It is de ûndersikers slagge no in dúdlike lûdsprint te meitsjen fan de F16. Neffens Dirkjan Krijnders fan INCAS3 is dat noch net earder dien. "Wat we nu gedaan hebben is het maken van een nul-meting. We hebben al het andere geluid van brommers en motoren eruit kunnen filteren. Dan hou je een uniek profiel over van de F16." In konklúzje wol Krijnders lykwols net lûke: "Dat kan ook niet. We hebben nog maar één deel van het onderzoek gedaan. Conclusies kun je trekken na het bezoek van de F35 aan de vliegbasis Leeuwarden." Krijnders die al in opfallende ûntdekking: "Er zit veel spreiding in het geluidsniveau van de F16's. Een verschil van 30 decibel tussen de zachtste en luidste toestellen die overkwamen. Ik had gedacht dat dat verschil veel kleiner zou zijn." Ek stelt hy dat it foar minsken dreech is om it ferskil yn lûdsnivo te ûnderskieden.
Lûdsmjitnet
It NLR, it Nationaal Loft en Romtefeartlaboratorium, en it RIVM ha koartlyn it advys jûn in permanint lûdsmjitnet oan te lizzen om de fleanfjilden fan Ljouwert en Volkel. Neffens de beide ynstânsjes jout it mjitnet dúdlikens oer it lûd fan de F35. Minister Hennis fan Definsje hat de advizen oernaam. In wurdfierder fan de Loftmacht lit witte it ûndersyk nijsgjirrich te finen. Hy stelt dat de fleanbasis him hâlde moat oan de wet- en regeljouwing yn Nederlân en dat ek docht.