Earste ljipaai fan Nederlân fûn yn Brabân

09 mrt 2016 - 21:35
  • It earste ljipaai fan Nederlân waard woansdei fûn yn Brabân

It earste ljipaai fan dit jier is woansdeitemiddei fûn yn Sint Oedenrode yn Brabân. Dat meldt de NOS. It ljipaai lei op in maisfjild. It bart net faak dat it earste ljipaai sa fier súdlik fûn wurd. Op in filmke op Twitter is te sjen hoe't it aai lottere wurdt.

Yn hiel Nederlân is it ferbean om ljipaaien op te krijen, omdat it net goed giet mei de greidefûgel. Der wie jierrenlang in ûntheffing om yn Fryslân te sykjen, omdat it hjir in tradysje is, mar sûnt ferline jier mei dat ek net mear.

Jochem Sloothaak fan Brabants Landschap is bliid dat it earste aai fan 2016 yn Brabân fûn is. "Brabant is samen met Friesland dé plek voor de kievit. Het is dus extra leuk dat wij het eerste ei hebben" seit er tsjin Omrop Brabân.

Wêr't it aai krekt fûn is, fertelt er net. "We willen niet dat er te veel mensen komen kijken. Daar hebben we niet altijd even goede ervaringen mee gehad."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)