Klimpark yn Dokkum is fallyt ferklearre, mar noch wol iepen

09 mrt 2016 - 17:05

It Adfunturepark yn Dokkum is tiisdei fallyt ferklearre troch de rjochtbank. It klimpark hie lêst fan konkurrinsje fan klimparken yn Grins, Stienwyk en Burgum. Dat seit eigener Joël Bruinsma. It klimpark yn Dokkum hat sûnt de iepening yn 2010 likernôch 60.000 besikers hân. De lêste jierren kamen der net in soad mear. It park kaam dêrtroch yn finansjele need.

It Adfunturepark is op it stuit noch wol iepen. Neffens Bruinsma is it noch net dúdlik wannear't se definityf tichtgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)