Deputearren sille freed tsjerkehimmelje

De Huzumer tsjerke © Omrop Fryslân
De tsjerke fan Huzum krijt kommende freed help fan trije deputearren by it skjinmeitsjen. Yn it ramt fan de aksje NL Doet sille Sietske Poepjes, Sander de Rouwe en Michiel Schrier ûnder oare de tsjerkebanken, lambrisearring en preekstoel in poetsbeurt jaan.
NL Doet is in inisjatyf fan it Oranje Fonds foar it belang fan frijwilligerswurk. Op ferskate oare plakken yn Fryslân dogge se oan de aksje mei.
Neist de deputearren sille trije direkteuren fan de provinsje ek oan de slach yn de Huzumer tsjerke. De kommissaris en de beide oare deputearren binne ferhindere.