Brân by flat yn Nachtegaalstrjitte yn Drachten

09 mrt 2016 - 16:28
  • Brân by appartemint oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten
  • De flammen en de reek slaan derút yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten

Yn Drachten hat woansdeitemiddei brân west by in flat oan de Nachtegaalstrjitte. It fjoer begûn by in motor of in scooter dy't by de flat stie en sloech dêrnei oer. Mei-elkoar trije apparteminten binne troffen en de flat hat reek- en wetterskea oprûn. De wenten binne tydlik net te bewenjen. 

De brânwacht koe it fjoer reedlik gau útmeitsje. It is noch net bekend oft der minsken yn de wenningen wiene op it stuit fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)